De kraamwike is in hiele bysûndere tiid, in nij libben, ús earste berntsje. Ek in spannende tiid omdat alles nij is. Gea nimt dizze sûne spanning fuort en wie reisgids op ús aventoer. Se soarget foar de lytse poppe en har mem, hygiëne binnen it hûs en helpt heit by praktyske hannelingen. Kraamfaam Gea is de gouden spil yn de kraamtiid, se is noflik yn omgang, se is kundich, superposityf en it fielt hiel eigen om har yn ’e hûs te hawwen.
Wij wiene tige bliid mei Gea en soene har graach wer ris werom sjen wolle yn ’e takomst!

