Tiidens de befalling en kreamwike fan ús earste berntsje hat Gea ús geweldich holpen. Hiel fijn fûnen wy it dat Gea tiidens de swangerskip al by ús thús west wie en dat fielde direkt fertroud en gesellich. Wy hawwe Gea kennen leart as in kundige, entûsjaste, ûndernimmende, leave ‘kraamfaam’ mei in grutte passy foar har wurk. Gea hat in protte kennis, se hat ús op in soad gebieten goed advys jûn. De húshâlding hie Gea ek altyd tip top foar elkoar, se is in hurde wurkster.
Gea, wat hawwe wy it troffen mei dy!! Wy hoopje datsto mei in in soad wille en passy in soad gesinnen fan dyn kwaliteiten genietsje litte kinst en krekt sa bliid meitsje meist as ús. Dankjewol!